Ynfosintrum op Ofslútdyk

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân wurdt kommende freed in ynformaasjesintrum fan Rykswettersteat iepene. Hjir kinne besikers fan alles te witten komme oer de Ofslútdyk, dy't dit jier 75 jier bestiet. Nei it jubileumjier sil der yn it sintrum benammen oandacht wêze foar de bou fan de ekstra spuislûzen dy't by Koarnwertersân komme sille.
Neist de fêste eksposysje is der ek plak foar wikseljende tentoanstellings.