Nynke Laverman sjongt yn Riis

21 maaie 2007 - 17:55

Nynke Laverman slút har rige foarstellings De Nacht fan de Maisfrou ôf mei twa grutte optredens yn de teatertún yn Riis. Se hat twa jier mei it program troch Nederlân toerd. Foar de gelegenheid wurdt de teatertún optúgd yn Meksikaanske styl.

Der wurde sa'n 800 besikers ferwachte. De foarstellings fine plak op 22 en 23 juny. Der wurde ek dvd-opnames makke. Op de lêste jûn is der ek in duet mei sjonger Jack Poels fan Rowwen Hèze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)