Te min minsken by brânwacht

© Omrop Fryslân
De brânwachtpost Hylpen moat slute. It is de earste kear yn 30 jier dat soks bart. Der binne te min frijwilligers. Dat probleem spilet op mear plakken. Yn Noard-East binne se dwaande dit probleem oan te pakken.
Der wurdt ûndersyk dien nei de frijwillige brânwacht. In mooglikheid is dat brânwachtposten yn lytse doarpen allinnich oerdeis ticht binne. Dan wurkje de frijwilligers. Jûns en nachts soe de post iepen kinne.