'Dales is oanwinst foar HBO'

21 maaie 2007 - 14:53

Geert Dales is in oanwinst foar it heger beropsûnderwiis. Dat is de reaksje fan Doekle Terpstra, foarsitter fan de HBO-ried, op de beneaming fan Dales as nije bestjoersfoarsitter fan Hegeskoalle InHolland.

InHolland hat goed 40.000 studinten en is de op ien nei grutste fan Nederlân. Terpstra is bliid dat it hbo-ûnderwiis foar minsken mei alluere en gesach oanloklik is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)