Gemeente makket flater

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim hat hûnderten boeren tefolle ûnreplik saakbelesting frege troch in automatisearringsflater. De gemeente stjoert de boeren in korreksje. Yn 2006 gong it ek al mis.
It draait allegearre om it wenningpart yn de WOZ-beskikkings. Dêr mei de gemeente hielendal gjin belesting mear oer rekkenje, mar dat gebeurt wol. It oplossen fan de flater duorret de boeren fiersten te lang.