Kitesurfers bekeurd

© Omrop Fryslân
De plysje hat freed trije kitesurfers bekeurd om't se fan Harns nei Flylân surfden. Dit is net tastien. Mei elkoar surfden fjouwer surfers fan it kitestrân ôf by Harns rjochting it eilân.
Meiwurkers fan de Brandaris ha de wetterplysje op de hichte brocht. Yn de haven fan Flylân binne trije surfers oanhâlden. Se ha in bekeuring krigen. De fjirde kitesurfer rûn fuort doe't er de plysje seach.