Groen (VVD) hâldt op yn ried

21 maaie 2007 - 10:29

VVD-riedslid Luciena Groen hâldt op as riedslid fan Weststellingwerf. Se hat it te drok mei har wurk, sûnt se direkteur wurden is fan Hegro Winkelmaterialen yn Wolvega. Dat bedriuw hat se fan har heit oernaam.

Foar har wurk moat se in soad yn it bûtenlân wêze en dat is lestich te kombinearjen met it riedswurk. Cees Bonnema folget har op yn de fraksje. Hy is amtner by it ministearje fan Justysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)