Dales jout om 14.00 oer útlis

21 maaie 2007 - 10:26

Boargemaster Geert Dales fan Ljouwert jout moandei om 14.00 oere dúdlikheid oer in mooglik ôfskied. Freed waard bekend dat Dales nei alle gedachten de nije bestjoersfoarsitter wurdt fan Hegeskoalle Inholland yn de Rânestêd. Dales soe op de funksje sollisitearre hawwe.

Dales is trije jier boargemaster. Wethâlders en riedsleden fine it spitich at er fuortgean soe, sa flak foar de nijbou fan it Frysk Museum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)