Ferkearslessen foar jongerein

21 maaie 2007 - 07:52

Der wurdt dit jier folle mear dien om Fryske jongeren tusken de 17 en 21 te wizen op de gefaren yn it ferkear. It Regionaal Orgaan Ferkearsfeiligens jout de jongeren mear prioriteit.

Ferline jier waard ek al in groep fan sawat 100 man útnoege op it ferkearsedukaasjesintrum yn Drachten, ûnderoaren foar remproeven. No wurde folle mear jongeren benadere. Se meie bygelyks op in frachtwein ride, om te sjen wat dêr de gefaren fan binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)