Winst foar trio V.d. Meulen

Johan van der Meulen
It partoer fan Johan van der Meulen hat de tredde frije formaasje partij fan it seizoen wûn. Yn Sint Anne wûnen Van der Meulen, Auke van der Graaf en Taeke Triemstra mei 5-3, 6-4 fan Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. Van der Meulen waard lykas ferline jier útroppen ta kening.
De lytse preemje wie foar it partoer fan Dirk Yde Sjaarda, Erik Haitsma en Pier Piersma.