Ynbraken yn Snits en Drachten

20 maaie 2007 - 14:59

De plysje docht ûndersyk nei ynbraken yn Snits en Drachten. Sneontemoarn is in laptop stellen út in wenning oan de Stelpswyk yn Drachten en letter is ek besocht yn te brekken yn in hûs oan de Martena.

Sneontemiddei is de foardoar fan in hûs oan de Hemdyk yn Snits iepenbrutsen. Ut it hûs binne sieraden stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)