Ynbraak yn Wurdum

20 maaie 2007 - 14:55
Foto: Omrop Fryslân

De plysje siket in man dy't sneontemoarn ynbrutsen hat in wenning oan de Sybren Valkemastrjitte yn Wurdum. De 50-jierrige bewenner fan it hûs hat de ynbrekker fuortrinnen sjoen.

Mei plysjehûnen is nei de man socht, mar sûnder resultaat. De ynbrekker wie in blanke man mei in bomberjack oan. Hy hie yn de wenning al guod sammele om mei te nimmen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)