Mishanneling yn Burgum

© Omrop Fryslân
In 58-jierrige man út Burgum is fan't wykein oanholden foar mishanneling fan in man. De Burgumer belle sneontejûn oan by de wenning fan it slachtoffer. Dy waard slein en skopt doe't er de foardoar iepene.
In buertbewenster hat de twa manlju út elkoar helle. De oanlieding foar de slaanderij leit nei alle gedachten yn de relasjonele sfear, sa tinkt de plysje.