Biologysk miel op Starteilân

20 maaie 2007 - 14:00

Sa'n hûndert minsken koene sneontejûn op it Starteilân by Snits genietsje fan in biologysk seisgonge-diner. Dat waard servearre yn in tinte mei de namme Restaurant De Aandacht. Betinker is it ministearje fan Lânbou dy't mei it diner mear minsken der ta sette wol om biologyske produkten te keapjen.

Kaarten foar it diner koene wûn wurde mei in priisfraach. Restaurant De Aandacht sil op seis plakken yn Nederlân opboud wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)