Schuil / Nummerdor yn finale

20 maaie 2007 - 13:38

De beachfoljeballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor hawwe harren pleatst foar de finale fan it toernoai yn it Sankt Polten. Se wiene mei 17-21, 21-3 en 15-0 te sterk foar it duo Klemperer/Koreng. Schuil en Nummerdor hiene gelok dat Eric Koreng troch in blessuere nei de earste set net mear serieus fierder spylje koe.

Yn de finale spilet it duo Schuil/Nummerdor tsjin de Dútsers Julius Brink en Christoph Dieckmann.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)