Ferkearsomlieding Frjentsjer

20 maaie 2007 - 11:59
Foto: Omrop Fryslân

In wichtige rûte troch Frjentsjer is moandeitejûn ôfsletten foar it ferkear. Moandei fynt grut ûnderhâld plak oan de beweechbere brêge oer de Salverderfeart. Dêrom binne de Ljouwerterwei en it âld keatsfjild ticht foar trochgeand ferkear.

It ferkear moat in flink ein omride oer de rûnwei en dan oer de Hertog van Saxenleane it sintrum yn. De ôfsluting begjint om 18.30 oere jûns en duorret twa en in heal oere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)