Mishannelling op fytspaad

19 maaie 2007 - 13:13

In 17-jierrige jonge út Harns is freedtemoarn betiid mishannele op in fytspaad tusken syn wenplak en Hjerbeam.

De jonge kaam in groep fan sân jonges tsjin op de fyts. Ien fan de jonges ried mei opsetsin op de Harnzer yn. Dêrnei waarden oan beide kanten ferskate klappen útdield. De plysje docht ûndersyk nei it foarfal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)