Paspoarten fia postkantoar?

© Omrop Fryslân
It oanfreegjen fan in paspoart of rydbewiis kin meikoarten mooglik ek op it postkantoar. Postkantoren BV Nederlân is dêroer mei ferskate Fryske gemeenten yn petear. Foardiel is dat postkantoaren faak langer iepen binne as gemeentehûzen.
De nije regeling besparret boppedat minsken op it plattelân in lange reis nei it gemeentehûs, omdat se har paspoart of rydbewiis ôfhelje kinne op it lokale postkantoar.