Wyn sit HT-sloeperace dwers

18 maaie 2007 - 11:36

Op it Waad wurdt freed foar de 33e kear de HT-sloeperace hâlden. Der dogge 132 sloepen mei oan de wedstryd. Dy farre fan Harns nei Skylge.

De organisaasje makket him soargen oer de wyn. De ferwachting is dat dy oanhelje sil oant krêft 5. Mooglik dat de lytsere sloepen Skylge dan net helje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)