Rektor Lauwerskolleezje fuort

18 maaie 2007 - 11:24

Rektor Lydeke Zandbergen fan kristlike skoallemienskip Lauwerskolleezje fertrekt per 1 jannewaris. Se wurdt algemien direkteur fan de feriening foar kristlik ûnderwiis yn Grinslân.

Frou Zandbergen is sûnt 2001 rektor fan it Lauwerskolleezje, dat fêstigings hat yn Bûtenpost, Kollum, Surhusterfean en Grijpskerk. Dêrfoar wie se natuerkundedosint oan de skoalle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)