Te dronken om te riden
Op it Hearrenfean hat de plysje tongersdeitejûn in man oanhâlden, omdat er dronken op syn brommer siet. De man waard oppakt op de Marktweg. Hy krige in proses-ferbaal en in rydferbod fan trettjin oeren.
Yn Ljouwert hat de plysje in fytser oppakt dy't ek tefolle dronken hie. De man ried op de Tunen mei syn fyts tsjin in op in stoepe parkearde motor.