Lieuwe Westra geweldich

© Omrop Fryslân
Lieuwe Westra sette tongersdeitejûn yn de tiidrit fan Olympia's Tour yn Hardenberg in geweldige prestaasje del. De hurdfytser fan Mûnein waard twadde yn de rit tsjin de klok oer 17 kilometer. Allinne Lars Boom fan de Rabobank-ploech, ek de nije lieder fan it klassemint, wie flugger. Syn ploech-genoat Martijn Maaskant waard tredde.
Yn it algemien klassemint is Marcel Beima fan Hurdegaryp op it achtste plak de bêste Fries.