Alves oproppen foar Brazilië

Hearrenfean-spiler Afonso Alves is oproppen foar de seleçao, it nasjonale tiim fan Brazilië. Dy spilet op 5 juny yn Dortmund in freonskiplike wedstryd tsjin Turkije.
It is foar Alves de earste kear dat er selektearre wurdt foar it nasjonale alvetal fan Brazilië. Neist Alves is ek Alex fan PSV oproppen foar de seleksje. Yn de seleçao komt Alves fierder toppers tsjin as Ronaldinho, Robinho en Kaka.