Drachtster mei mes stutsen

17 maaie 2007 - 13:32

In ynwenner fan Drachten (21) is tongersdeitemoarn betiid ferwûne rekke, doe't er op de Noordkade yn syn wenplak stutsen waard mei in mes. De plysje hat in Ljouwerter fan 16 oanhâlden as mooglike fertochte.

De twa wienen belutsen by in fjochtpartij. Doe't de plysje tusken beiden kaam liet de Drachtster de stekwûn sjen. De Ljouwerter waard dêrop oanhâlden. It mes is werom fûn yn in fytstas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)