Jild stellen út winkel Snits

17 maaie 2007 - 13:24
Foto: Omrop Fryslân

Ut in winkel oan de Oosterdijk yn Snits is tongersdeitemoarn in bedrach fan inkele tuzenen euro's stellen. It jild waard meinaam troch twa jonges, dy't nei de stellerij útnaaiden op in scooter. Se koenen de winkel ynkomme troch in doar te fernielen.

De jonges waarden sjoen troch in foarbygonger, dy't se tsjin fiven út de winkel kommen seach. Hy ferlear de twa út it each doe't se de Gedempte Pol opriden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)