Dronken efter it stjoer

17 maaie 2007 - 13:15
Foto: Omrop Fryslân

In frou fan 50 út Dongeradiel is woansdei troch de plysje oanhâlden omdat se dronken har auto bestjoerde. De frou foel omstanners op omdat se slingerjend oer de dyk ried.

De warskôge plysje hat de frou oanhâlden yn har wente. Ut in blaastest dy bliken dat se safolle dronken hie dat se har rydbewiis ynleverje moast.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)