Doarpshûs Wâlterswâld opknapt

17 maaie 2007 - 12:53

It doarpshûs fan Wâlterswâld wurdt foar in heal miljoen ferboud. It doarpshûs is 37 jier âld en bot oan fernijjing ta. Der is al in skoftsje wurke oan de plannen. Yn juny wurdt útein set mei de ferbouwing en yn septimber moat it wurk klear wêze.

Woansdei binne de plannen presentearre op in ynformaasjejûn foar de ynwenners fan it doarp. Dy moatte sels sa'n 100.000 euro op it kleed bringe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)