Snelheidskontrôle Tsjalbert
De plysje hat woansdeitemoarn op de Aengwirderwei yn Tsjalbert automobilisten kontrolearre op har snelheid. De kontrôle waard hâlden fanwege klachten oer te hurd riden.
Fan de fyftich kontrolearre auto's riden der trije te hurd. De grutste oertreder hie 68 kilometer op de teller stean. Op de Aengwirderwei mei 50 kilometer yn 'e oere riden wurde.