Skoalle yn Wyns mooglik ticht

16 maaie 2007 - 20:49

De basisskoalle yn Wyns moat mooglik ferdwine. No hat de skoalle noch 15 bern, mar dat moatte der eins 23 wêze. As der foar 1 oktober gjin 23 bern op skoalle sitte, dan soe dat betsjutte dat De Winze ticht moat.

Yn Wyns en omkriten wenje sa'n 180 minsken, mar der binne te min bern. De skoalle hopet no, dat der fan bûten út bern nei Wyns takomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)