Ferhuzing seehûnekresj ûnwis

16 maaie 2007 - 16:44

De kâns dat de seehûnekresj fan Pieterburen nei Fryslân komt, is lytser wurden. Der wurdt no sjoen oft nijbou mooglik is op de hjoeddeistige lokaasje. De kresj groeit út syn jaske en it idee wie dêrom om te ferhúzjen.

Dêrfoar wiene ek lokaasjes yn Fryslân yn byld. De provinsje Grins en gemeente De Marne fine it lykwols dochs belangryk dat de seehûnekresj yn Pieterburen bliuwt. De ferhúsplannen binne nch net definityf fan de baan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)