Fûgelhutte ôfbaarnd

16 maaie 2007 - 15:32

In fûle brân hat de fûgelsjochhutte oan it flinterpaad yn de Lindevallei by Wolvegea tiisdei folslein fernield. It giet nei alle gedachten om fandalisme.

In pear dagen lyn wie ek al ris besocht om it gebouke yn 'e brân te stekken, mar doe wie it net slagge. Neffens It Fryske Gea is de Lindevallei oan in lytse ramp ûntsnapt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)