Grutte himmelaksje op see

Fiskers sille helpe de Waadsee skjin te meitsjen
Kommend jier moat mear as 200.000 kilo smoargens út de Waadsee en Noardsee fiske wurde. Mei dit inisjatyf komt de ynternasjonale miljeu- en feiligensorganisaasje KIMO. It projekt is in neifolging fan in súksesfol fergelykber projekt yn Súd-Nederlân. Fiskers út Harns, Lauwerseach, de Eemshaven en Wieringen sille de smoargens opfiskje. In diel fan de smoargens wurdt troch de KIMO analisearre.