Steuring by Frysk Deiblêd

© Omrop Fryslân
It Frysk Deiblêd komt woansdei folle letter as oars. Oarsaak is in steuring yn de drukparse fan de krante. Dêr is in koppeling lossketten en dy wurdt op dit stuit fêstset.
De krante hopet dat de steuring om sawat ien oere ferholpen is. Dan moatte de kranten noch drukt wurde en oer de provinsje ferspraat. De abonnees krije it Deiblêd oeren letter yn de bus.