Steuring website omrop

© Omrop Fryslân
Troch akute hardwareproblemen wie de website fan Omrop Fryslân woansdei spitigernôch in skoft ûnberikber. De wichtstichste oarsaak fan de steuring wie in brutsen hurde skiif yn de server. De omrop biedt dêrfoar alle besikers har ûntskuldigings oan.
Der is woansdei hurd wurke om it probleem op te lossen. Dat slagge ek. Oan de ein fan de dei wie de website der wer.