N359 wer iepen

16 maaie 2007 - 11:10
Foto: Omrop Fryslân

De provinsjale dyk N359 tusken Winsum en Deinum is wer iepen foar ferkear. De ôfrûne oardel moanne wie de dyk ôfsletten fanwege wurksemheden.

Ferkear tusken Ljouwert en Boalsert moast troch it wurk omride. Dat levere foar guon doarpen oerlêst op. De dyk hat ûnder oare in nije asfaltlaach krigen en is ek breder makke.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)