Beloften Hearrenfean ferhierd

© Omrop Fryslân
Hearrenfean ferhiert takom jier twa beloften oan Go Ahead Eagles. Dat hat de earste divyzje klub bekendmakke. It giet om Robbert Maruanaya en Oguzhan Turk. Beide spilers wiene basisspilers yn it belofte-alvetal fan Henk Herder, dat kampioen waard en de beker pakte.
Reza Ghoochannejhad, ek in belofte by Hearrenfean, waard dit jier al ferhierd oan Go Ahead Eagles. It is noch net dúdlik wêr't hy oar jier spylje sil.