Kuieralvestêdetocht fan start

15 maaie 2007 - 18:21

Yn Ljouwert is tiisdei te Alvestêdetocht foar kuierders fan start gien. De kuierders moatte yn fiif dagen achterinoar mei-inoar 205 kilometer rinne.

De tocht wurdt dit jier alwer foar de 61e kear hâlden. Dat de waarfoarsizzings net al te goed binne, dat deart de rinners net. Meiinoar dogge achthûndert rinners mei oan dizze Kuieralvestêdetocht. De earste etappe gie fan Ljouwert nei Sleat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)