Jonge mei traumahely nei Grins

De jonge is mei in traumahelikopter nei it sikehûs brocht
By in ûngelok by Heech is tiisdei in jonge fan 13 jier slimferwûne rekke. Hy wie ûnderweis op 'e fyts doe't er krekt foar de brêge fan Oasingahuzen oanriden waard troch in frachtauto.
De jonge is nei it ûngelok yn kritike tastân oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins. It slachoffer is mei de traumahelikopter fuortbrocht. De jonge komt út Heech.