Belutsen by ûngelok yn Grins

15 maaie 2007 - 15:57

In bestjoerster út Kollumersweach (32) hat moandei in auto-ûngelok yn 'e stêd Grins hân. In taksybestjoerster út dy stêd joech op de krusing Floresstraat-Bedumerweg gjin foarrang. In botsing wie it gefolch.

Troch de klap waard de auto fan 'e Kollumersweachster tsjin in wachtsjende fytster oandrukt. Dy frou rekke ferwûne en is oerbrocht nei it sikehûs. De frou út Kollumersweach kaam der sûnder ferwûnings fanôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)