Lektoraat Frysk op CHN

15 maaie 2007 - 13:03

De Kristelike Hegeskoalle Nederlân, de CHN en de Fryske Akademy hawwe ôfspraken makke oer in nij lektoraat. De CHN sil ûndersyk dwaan nei it Frysk en meartaligens op wrâldnivo. De oanleiding is ûndersyk fan de Akademy dêr't út bliken docht dat bern fan in trijetalige skoalle bettere prestaasjes leverje.

Hoe't it ûndersyk der krekt út komt te sjen, is noch net bekend. Ek is net dúdlik wannear't it út ein set.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)