Megagaslieding leit te heech

15 maaie 2007 - 12:06

De grutte gaslieding dy't dwers troch Fryslân giet, leit by de Iselmar net leech genôch mear. De lieding rint fan it Grinzer Gryptsjerk, oer Warkum nei Noard-Hollân. Hy slút úteinliks oan op in lieding nei Ingelân.

Op ferskate plakken by de Iselmar komt de lieding boppe de grûn út, wylst hy deryn lizze moat. Der is gjin direkt gefaar foar de skipfeart. It herstel sil in pear moanne duorje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)