Ungelok feroarsake op A7

It ûngelok wie by de A7
In 45-jierrige man út Tsjom is thús oanhâlden foar it feroarsaakjen fan en trochriden nei in ûngefal. Op de autodyk A7 by Terwispel hie er op de linker baan deun op in auto fan in 27-jierrige Hearrenfeanster riden. De Feanster trape eefkes op de rem.
De Tsjommer helle yn en doe't beide auto's wer rjochts rieden gie hy ek op 'e rem stean. De Feanster makke doe in needstop en bedarre yn 'e sleat. Hy moast mei ferwûnings nei it sikehûs.