Ynbraken yn Fryslân

Neist Akrum is der ek yn Ljouwert ynbrutsen
By twa bedriuwen yn Ljouwert en Akkrum is fan 't wykein ynbrutsen. Yn Akkrum waard in rút stikkenmakke. De dieven namen in laptop en in digitale kamera mei. Yn Ljouwert kamen de ynbrekkers binnen troch in doar te forsearjen. Se hawwe in kompjûterskerm meinommen.
Op de Gordyk is moandeitejûn ynbrutsen yn in wente. Dêr waarden in kompjûter, in laptop, in spulkompjûter, in televyzje en in tal sieraden bútmakke.