Donner by Friesland Foods

15 maaie 2007 - 10:53

Minister_Donner fan Sosjale Saken wie moandei op wurkbesite by Friesland Foods yn Ljouwert. Hy hat dêr mei de direksje en meiwurkers praat oer it ynsetten fan âlde en jonge wurknimmers.

Friesland_Foods hat in soad âldere wurknimmers, wylst der net folle nije bykomme. It bedriuw besiket dêrom it langer trochwurkjen te stimulearjen. Fierders wurdt der gearwurke mei it AOC om jongere meiwurkers yn te heljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)