Bernemisbrûker socht

15 maaie 2007 - 10:11

De plysje siket in man dy't op woansdei 25 april trije lytse bern yn Ljouwert tenei kommen is. Yn de wyk Camminghabuorren spruts er de jonkjes fan fiif jier oan en naam har mei nei de boskjes. Dêr hat er se misbrûkt. De man ried op in blauwe manljusfyts. Hy is fan middelbere leeftyd, hat in stoppelburd en koart brún hier. Hy hie in bril op mei in dêroer in losse sinnebril,in wyt bûsgroentsje en wite skuon oan en in blauwe pet op.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)