Cambuur lûkt Erik Wegh oan

Erik Wegh yn 'e haven fan Volendam
Cambuur hat in nije middenfjilder oanlutsen. It is de 27-jierrige Erik Wegh, dy't oerkomt fan FC Volendam.
Erik Wegh begûn syn karriêre yn it betelle fuotbal by NEC en spile dêrnei 3 seizoenen foar AGOVV. Meiïnoar hat Erik Wegh 115 wedstriden yn it betelle fuotbal spile. Hy skoarde 9 kear. Erik Wegh is in saneamde kontrolearjende middenfjilder, mar kin ek as sintrale ferdigener opsteld wurde. Cambuur siket no noch twa bûtenspilers.