Ferwûne by sjitpartij Ljouwert

By in wylde sjitpartij oan de Gerbrandywei yn Ljouwert is in 26-jierrige Ljouwerter ferwûne rekke. Twa autobestjoerders begûnen op de Grinzerstrjitwei om ûndúdlike redenen fanút de auto op inoar te sjitten. De 26-jierrige Ljouwerter waard rekke en koe nei it tankstasjon oan de Gerbrandywei flechtsje.
De man hat dêrwei noch in pear kear yn it wylde wei sketten. In frou dy't dêr stie te tanken kaam mei de skrik frij.