Kontrôle hurd farren helpt

© Omrop Fryslân
Der wurdt minder faak te hurd fearn yn en om de Alde Feanen as earder. Dat docht bliken út in evaluaasje oer de hanthavening yn it gebiet.
Der binne ferline jier likefolle minsken kontrolearre. It liket derop dat de kontrôles effekt ha. De plysje hâldt by at minsken te hurd farre en by in twadde oertreding krije se in hegere boete. De boat kin sels yn beslach naam wurde.