Opsterlân hat jild oerhâlden

14 maaie 2007 - 11:47

Opsterlân hat ferline jier goed 5 miljoen euro oerhâlden. Op de eksploitaasje fan bougrûn makke de gemeente 3,5 miljoen euro winst. Op de jierlikse baten en lesten hâlde de gemeente 1,6 miljoen oer.

It kolleezje stelt de ried foar om ekstra jild út te lûken foar doarpsfernijing, minderheden en it ûnderhâld fan gebouwen. Ek wurdt ekstra jild reservearre foar it projekt weriepening Polderhoofdkanaal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)