Soad besikers foar Tryater

14 maaie 2007 - 10:01

Tryater hat noch nea safolle besikers lutsen as yn 2006. Goed 100.000 minsken ha de ferskate foarstellings fan it teaterselskip sjoen. Dat docht bliken út it jierferslach fan Tryater.

It hege besikersoantal hat benammen te krijen mei it grutte tal ko-produksjes dy't mei oaren opfierd waarden. Mar ek by de eigen foarstellings hat it in goed jier west. Goed 40.000 minsken kamen nei de 448 foarstellings fan it Frysktalige selskip.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)